Trije leden fan Jacob Klaver op de list fan Frouljus PC

Dit jier binne der trije leden fan ús keatsferiening ta litten om mei te dwaan oan de PC. It binne Baukje Aalbers mei har maten Iris van der Veen en Manon Scheepstra. Ilse Noorman spilet mei Feikje Bouwhuis en Anke Marije Pompstra. Us lid om útens Afke Kuipers keatst mei Nynke Sijbrandij en Bianca van der Veen. Foar kommend jier binne alle haadklase partoeren op ’e skop gien. Baukje hat har formearre mei Sanne Velsma en Gérieke de Groot. Ilse sil it besykje mei Anke Marije Pompstra en Mariska Hoogland. Afke Kuipers giet fierder mei Aukje van Kuiken en Imke van der Leest.

Geplaatst op 15 August 2011